dinsdag 9 juni 2026

Satan fan Warten alias Duvel fan Earnewâld

 

It lyts mantsje kaam op 11 april 1820 yn Harns te wrâld. Syn heit wie bûtenskipper en koe net as grutske heit de poppe oanjaan dat dizze eare kaam de ‘vroedmeester’ ta.

Hy groeide op ta in skrander, fleurich jongkeardel. Fol grappen en healwizichheden, dy ’t mei it âlder wurden in al mar ferwoester oansjen krige. Sels hie er dêr de measte wille om mar wêr ‘t lytse bern en de lju aardich oerémis fan reitsje koene.

Hy wie net oars wend as dat er mei syn koartswilich praat yn rappe petearen eins altyd it lêste wurd hie. It koe net sa mâl as hy krige wat er ha woe en it gie sa as hy it yn de holle hie. Dit jilde foar syn hannel mar ek yn de omgong mei minsken. Mei de froulju koe er him trochstrings ek knap rêde.

Dochs dizze kear lei it der hiel oars hinne. As er har seach koe er gjin stom wurd útbringe en fleagen de kleuren him op en ôf. Se wie in pear jier âlder as hy en in fyn, behindich frommeske. Al in pear wiken hie er op har rûn, har yn de gaten holden op de freedsmerk. En hjoed soe er alle prikken yn it wurk stelle om gedaan te krijen dat er har nei de merk op hûs oan bringe mocht. Hy, dy ’t oars net om praat ferlegen siet, koe op dat stuit gjin stom wurd útbringe. Dat doe ’t er mei in noch reader kop as oars ûnbehouwen foar har stie, wie sý it dy ’t it earst de mûle iepen die en sei dat as er neat te melden hie, er oppakke koe. Doe ’t it hege wurd der út wie, wie alles gau beslikke en yn kannen en krûken.

Op 5 juny 1845 troude Cornelis Fredrik Helfrig, berne te Harns, 24 jier âld syn Jacobje Pieters Hamstra, 29 jier âld, berne te Warten, tsjinstfaam en wenjend te Grou. Ek op dizze foar him sa wichtige dei soe syn heit der net by wêze en kaam de tasizzing fan in wytpapieren akte, opmakke troch de ‘heer Kantonregter van het Kanton Rauwerd’.

Freark en Jap setten har yn Warten ta wenjen, oan de feart, nei oan it brânwachthúske. Hjir liet er in ienfâldich wenninkje sette. In wenninkje sa as eartiids de measten. In gonkje mei in ljedder nei it souderke, in keamer mei twa bedsteden en oan oare kant de gong, ûnder it skean ôfrinnende dak, noch in lytse romte. Hjir begongen se in winkeltsje. Freark hannele yn fan alles en noch wat, sa as bonken en âld papier en wie potskipper. Jap rêde mei de winkel en mei ferrin fan tiid ek mei de fiif bern. Se wiene stjonkende wiis mei-inoar en die Freark in goeie hannel dan kocht er steefêst wat moais foar Jap. En syn hannel gie foar wûnder! Hy hannele yn huzen, yn lân, koartsein yn alles wat los en fêst siet. Dat mei de moaiste lapen as sierguod kaam er neitiid thús. Sa moai as er Jáp optúgde, sa ’n bytsje koe it himsels skele as dat er der by rûn. Altyd syn grutte prûk read hier like wyld as wat om de kop. As soe er de kaam der yn sette, der wie gjin eare oan te beheljen. Dat al gaueftich hie er te Warten de bynamme Freark Prûk. De klean hie er ek allike bryk en healwiis om de lea. Mar Freark wie fleurich en siet fol aparte streken wêrmei’t er de lju de stûpen op it liif jage. 

Hy koe swimme as de bêste, dûke as in snoek, meters en meters ûnder wetter. Op in moarntiid wie er mei de skou it wetter op, doe’t er yn de fierte de faam op it bjinstap by in buorkerij de molkbussen himmeljen seach. Freark hie syn plan rap klear. Liet de skou yn de reiden driuwe, klaaide him op syn read baaien himd nei út en liet him súntsjes yn it wetter glide. Mei in flinke hap lucht dûkte er de feart del. De faam hie nearne euvelmoed yn en fleurich, al sjongende wei wie hja dwaande. Lyk foar it bjinstap, wêr ’t de faam foaroer boppe de feart stie te himmeljen, kaam er lûd prústend en wyld mei de kop skodzjend, as in wetterduvel boppe. It fanke joech in skelle gjalp en raasde moard en brân. Freark hie sokke tiden de measte wille. Dizze nuvere streken levere him mei ferrin fan tiid op it doarp en yn de omkriten de namme ‘Satan fan Warten’ op, in bynamme wêr’t er sels de measte wille om hie.

Sokke nuveraardichheden flikte er wol faker. Dat doe ’t Freark in kear mei negoasje by in boerinne yn de keuken oan de kofje siet, seach in faam har kâns skjin en tocht wachtsje mar jonkje, ik sil dý wol krije. Freark hie, sa as wenst, de klompen kreas yn it bûthús útdien. Mei de sjerppot sette de faam stikem nei it bûthús ta en geat hjir Frearks klompen fol mei sjerp en gie om in hoekje stean te wachtsjen. Doe ’t de hannel dien en de kofje op wie, soe Freark mar wer ôfsette. Hy betanke ‘voor al het goede’ en groete fleurich. Doe ’t er syn fuotten yn de klompen stuts fernaam er fuortendaliks de waarme, kliemske brot. Hy bliuw efkes hiel stil stean en hearde doe it ynhâlden gnyskjen fan de faam efter de doar. Freark wie gau beret. Rachend en skellend skopte er de klompen wer út en skuorde de doar iepen. De faam naaide út, de hûs yn en Freark as in wylde man efter har oan, roppend en razend dat er har wol krije soe. Hie se him te fiter? Freark bliuw krekt in pear stappen efter har, die krekt as koe er har net benei komme. Dat ta eintsje beslút siet de flier troch it hiele hûs ûnder Freark syn smoarge sjerppoaten. De faam hie hársels goed te pakken want se hat moai lang wurk hân om de plakkerige troep fan de flierren te bjinnen. En Freark … dy rekke laitsjend op hûs oan. De klompen en sokken spielde er út foar’t er yn syn skou stapte en lei se op it skoushúske yn ‘t sintsje te drûgjen. Dat doe’t Freark thúskaam wie fan it hiele trelit neat mear te sjen as allinne in grutte laits op syn ferwyldere kop.

Freark koe lêze en skriuwe, wie breed ûntwikkele en hie him ferdjippe yn planten en krûden. Dizze planten en krûden fandele er byinoar op syn tochten troch de Alde Feanen en freeds ferkocht er se oan in apoteker te Ljouwert. Nei ôfrin brocht hij faak in besite oan Sjoukje Troelstra-Bokma, de frou fan Piter Jelles. Freark fertelde har en de bern prachtige ferhalen, de ferhalen dy ’t Sjoukje opskreau en dy ’t se publisearre ûnder de namme Nynke fan Hichtum en dy ‘t Freark letter werom lêze koe yn it tydskrift ‘Foar hûs en hiem’ en yn  ‘Friesche schetsen’. Hy fertelde de bern fan syn pake dy’t fan út Nasau Dietz yn Dútslân mei it rezjimint Oranje-Friesland nei Nederlân rûn en letter kleanmakker te Ljouwert wie. Hy fertelde fan de Franse besetting en hoe’t syn heit finzen nommen waard troch de soldaten fan Napoleon en nei Frankryk brocht waard en wer ûntsnapte en nei Fryslân, it hiele ein nei hûs, rûn wie.

Jierren letter hawwe Freark en Jap tegearre ris in besite brocht oan Piter Jelles en Sjoukje Troelstra. Jap seach doe al net folle mear dat Freark hie har prachtich optúgd mei gouden earizer en sulveren knip op bûgeltas. Oer dizze besite skreau Sjoukje – Nynke fan Hichtum – yn ien fan har ferhalen.

Yn de rin fan de jierren waarden Jap har eagen hieltyd minder en doe ’t se yn 1882 nei Earnewâld ferfearen, Jap wie doe 66 jier, wie se omtrint alhiel blyn. Te Earnewâld wennen se earst op in skip en letter yn in húske oan de Flietsteech wêr ’t se dochs wer in winkeltsje hiene mei alderhande húshâldlike saken en ek mei Freark syn krûdeguod. Yn de rin fan de jierren wie er hiel wat oan de weet kaam fan krûden en harren wurking.

Freark wie syn libben lang foar net in mins bang. Yn in tiid fan in grut leauwe mar mear noch fan in soad bybliuwe wie it Freark dy’t skyt oan dit alles hie en mei beide de gek driuw. De Lange Sleateman, it spûk dat yn de Alde Feanen omtoarke? De measte minsken wiene der deabenaud foar mar ek hjir wist Freark wol rie mei en wist it sa te stjoeren dat er meast syn foardiel der mei dwaan koe.

Sa ek dy kears dat er op in jûn te Warten yn ’t kafee siet en neitiid noch mei de skou op Earnewâld oan moast. Dit hearde in hannelsreizger en dizze frege Freark as er net mei him mei farre koe. Dit soe him gâns tiid skele om't er oars oernachtsje moast te Warten en de oare deis mei de oerset troch de landerijen op Earnewâld oan rinne moast. Freark fûn it bêst, dat in set letter roeide Freark mei de hannelsreizger op it skoushúske yn in nacht mei folle moanne op Earnewâld oan. Oer de Krúswetters, yn de Langesleat oankaam, gong Freark stean en raasde mei de hannen oan de mûle sa alderheislikste lûd : hé Sleateman! … Lange Sleateman! De reizger op ’t skoushúske dy’t wat sitten hie te sûzeboljen skrok him wyld, skeat oerein en raasde krekt like lûd as Freark; hé man wat dochst no, hâld dy de bek te razen! No, sei Freark kalm, ik rôp de Sleateman, dy lûkt my dit ein altyd efkes sjoch! O, sei de reizger benaud, dat hoecht net hear, ik roei wol! En dêr wie it Freark no krekt om te dwaan want hy wist, elk wie deabenaud foar de Sleateman dy’t, sa’t se seine, by nacht en ûntiid yn de Alde Feanen omspûke en lju de stûpen it op liif jage.

Freark mocht graach yn de âlde Feanen omslaan en hie it yn de kop krigen en bou sels in simmerhúske yn de Princenhof. It hat ien fan earste simmerhúskes west en moat sawat healwei de Folkertsleat stien hawwe. Nimmen hat ea witten wêr’t er it húske krekt delset hie, dêr midden yn dy iensumheid. Letter hat er it ferkocht en is it ôfbrutsen en presys wer sa opbout oan de Dykfinne, oan de súdkant fan de wei nei Earnewâld, sa’t der sein waard.

Yn 1897 ferlearen in soad boeren harren fee oan tongblier. Guon boeren oerkaam dit faker as ien kear. It wiene foar de lju drege tiden. De boeren wiene Freark syn klanten, dêrtroch hiene ek Freark en Jap it net maklik. Oer syn ellinde skreau er Keninginne Emma, dy ’t de namme hie fan Keninginne fan de woldiedigens, in brief mei in fersyk om stipe. En dy stipe krige er yn de foarm fan 25,-- grouwe gûnen.

In pear jier letter rekke Japke, alhiel blyn, slim yn de war, begûn der yn om te praten en koe net langer allinne wêze, dat Freark moast wol by har thús bliuwe. Dit hold lykwols al yn dat der sa eins hielendal gjin ynkommen mear wie. Om't er yn syn libben wol 8 minsken fan in wisse ferdrinkingsdea rêden hie, krige er op oanstean fan Boargemaster doe safolle steun fan it earmbestjoer as wat er oars fertsjinne hie as er mei syn hannel by de streek del west wie. Sa koe er thús, by Jap bliuwe, dy’t oars nei it earmhûs op Burgumerheide moaten hie.

Mar al hoe goed Freark ek op har pa
ste, op 7 oktober 1902, Jap is dan 87 jier, komt se te ferstjerren. Freark is hielendal fan slach. Hy ferkeapet al syn besittingen op in iepenbiere ferkeaping en syn hûs dat fol pakt stie mei hannel, wie fan d’iene op d’oare dei ek leech. De lju holden Freark goed yn de gaten, mar Freark sels sei neat, hy gie syn eigen gong.

Op in goede dei yn april fan it jier 1903, hy wie doe 83 jier, is Freark mei syn skou en de bûsen fol jild ôfset om de boat te nimmen nei Pieter, syn âldste soan. Dizze wie in pear jier earder mei it wiif en in hok fol bern, acht as njoggen, nei Amerika emigrearre en fertsjinne dêrjinsen in bêst stik brea yn de houthannel, sa ’t Freark begrepen hie. 

It earste ein is in soan mei him op reizge. Yn Harns hawwe se ôfskied naam, sûnder inoar in hân as wat dan ek mar te jaan. Freark moat ál tsjin him sein hawwe, tink derom - as de lêste beam kapt is kom ik werom. Neitiid hat nimmen wer wat fan him heard …                                                                                    In deadsberjocht fan syn ferstjerren yn 1904 kaam in dikke iuw letter boppe wetter.

Freark Prûk, Satan fan warten, as sa't er letter te Earnewâld neamd waard, Duvel, wie in wûnder, bysûnder man mei syn eigenaardichheden, mar wis ék mei syn eigen áárdichheden. 

 

Sa no en dan stekt de wylde prûk hier yn de famylje de kop wer ris op en sa ’t in oerpakesizzer lang lyn al ris sei, hawwe alle Helfrichs en harren neiteam eins wol wat fan Freark syn wûndere, bysûndere aard meikrige.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten