Op de radio hearde ik okkerdeis in lang fergetten lietsje. De muzyk dy naam my by de hân en ûnferhoeds myn bernejierren yn.
Mei ferskynde ús keamer yn it hûs op it hoekje fan de Kleijstrjitte. Skilderij boppe dressoir, readblomd kleed oer 't swilk, gerdinen yn de broek en foar't finster, altyd yn de bloei, de geraniums, Franse.
Fjouwer as fiif sil ik west ha. Ut de grutte glânzgjende radio op it taffeltsje kaam fleurige muzyk. Heit sprong oerein en pakte mem by de hân – kom ju, efkes steppe.
... Steppe? Mei’t ik se dûnsjen seach skode ik fan de stoel en wrotte my tusken harren yn. En mei in swaai stie ik boppe op syn hoasfuotlingen. Stiif sloech ik de earmen om syn skonken en dêr dûnsen wy mei ús trijen hinne.

Geen opmerkingen:
Een reactie posten