zondag 13 september 2020

it pankoeksmes

Se kaam op 13 septimber 1906 as 11e  te wrâld yn in húshâlding dêr’t mem trettjin bern krije soe. De earste lichting seach it libbensljocht yn in pleatske oan de Warstienzer dyk en de twadde yn Werkmanslust, in saneamde feanklinte oan in opfeart djip yn de Alde Feanen, op it stee dêr’t in pear jier letter de mânske Achttjin Mêd ferrize soe.

Har jierdei, mar ek dy fan oare broers en suskes, giene meast sûnder in soad omtinken foarby. Sokke dagen wiene yn dy grutte húshâlding dagen  krektlyk as alle oaren. Mar op 13 maart wie dat lykwols oars. Op dy dei wiene twa fan har broers, Gerrit en Klaas en har suster Janke tagelyk jierdei. Se wiene om de twa jier op deselde dei berne. Soks wie wol in bytsje feest wurdich en iet de húshâlding 'stro' mei sjerp. 

It ferhaal hinget oan beppes âlde pankoeksmes dat sûnt jierren by my yn’t keukenslaad leit. Hjoed, 13 septimber hie se (it famke, yn har sniewite jurkje en mei it kopke keal skeard om luzen te kearen,  dat foar har heit stiet) jierdei west.

 

Foto: de húshâlding fan Johannes en Akke Steenbeek om 1909 hinne neist de nije foarein fan de âlde feanklinte 'Werkmanslust', letter neamd de 'Achttjinmêd'.

zondag 23 augustus 2020

fan in âldfeint en in fisk



Op in komelkerij oan de Grêft wenne eartiids in âldfeint tegearre mei wat bisteboel. Net allinne yn it bûthús wenne syn fee, ek yn it frije fjild hie er syn folkje omrinnen, fleanen as swimmen. Sa ek op en yn de feart foar hûs.
Op it stalt himmele er alle dagen syn ienige bus. Al in pear dagen hie, wylst er hjirmei dwaande wie, in fiskje om him hinne tsjoend. Wat boartlik hie er mei de hân wetter nei him spatten mar it fiskje wie net fuortgien. It swypke allinne wat mei it sturtsje.
Doe’t dit in lytse wike oanholden hie tocht er, as er der moarn wer is jou ik him wat te fretten. De oare deis naam er wat âlde bôle mei nei it stalt. En ja hear, stipt op tiid wie it fiskje der wer. Hy goaide foarsichtich it plaske yn parten nei it fiskje mar ynstee fan dat dy it opiet, sobbe it der wat oan, iet it net op. De âldfeint tocht, dan moarn ris in wjirm besykje. Ek de wjirm woe it bistje gjin bek op sette. Op jirpels net, ek net op kâlde pankoek.
Op in moarntiid hie er foar it bushimmeljen earst aaifandele en se neist him op it stalt lein. In wynaai seach frjemd út de doppen en hy smiet it de feart yn en ferdomd, ien hap fan syn maat en fuort wie’t aai. Wat bist ek in sinnige ferrekkeling, tocht de âldfeint by himsels.

Mar beide like wûnder as wat, hiene inoar fûn en de âldfeint fuorre de fisk dy’t útgroeide ta in mânske snoek. Ut de hân krige de fisk alle dagen in aai. Dit gie jier yn jier út, oant it bist op it lêst eltse kear in snies aaien friet. Aaien jouwe machten dat foardat er der erch yn hie wie it in dier wurden mei in ûnhurich grutte bek mei in ôfgryslik skerp gebit. Op it brede farwetter koe er eins net mear keare om werom te gean nei wêr’t er weikaam wie. Hy swom dan ek fan it stalt fierder nei de krusing fan Grêft en Langesleat. Dêr swaaide er. As groet joech er op de weromreis efkes in fûleindige swiper mei syn mânske sturtfin en knypeage nei him. It wetter spatte omtrint oer de polderdyk en de âldfeint lichte glimkjend de pet.

Wie ‘t farwetter by't winter tichtferzen dan helle er syn miel mei de kop troch it wek dat kapt wie. Foar it bushimmeljen, sa’t er sei. Mar sels wist er bliksemse skoan wêrom. Dit selskip yn syn fierders stille wrâld soe er ommers min misse kinne. Se hiene tegearre tige ferhelderjende petearen, sa by it stalt sei er.
Oant dy moarntiid dat it kwik foar de safolste dei op rige ûnder de -20°C oanjûn hie. Krapoan twa oeren hie er yn it iiskâlde wetter op syn ienigste bus ombjint. Syn maat wie nóch net mei de kop troch it wek kaam. Dit gie in foech fjirtjin dagen sa. Oant op ien fan syn streuperstochten oer tichtferzen petgatten grutte luchtbûlen him it paad wiisden. 
Under it iis fan Neeltsjemuoisgat stoaren eagen as teepantsjes him brutsen oan.
   
Ytlike jierren letter fûnen reidsnijers yn it opfeartsje nei Neeltsjemuoisgat, stiif yn it grûniis beferzen, in ûnhuerich grutte snoek mei in kop en in bek dêr’t de grize harren fan oer de grouwe gie. Doe’t de winter wat op syn retoer wie, hat ien fan harren de snoek útkapt en meinaam. De kop hat er prepareare en hinget no al wer jierren by him thús oan it sket. Want it koe ommers hast net oars - sa'n bysûnder eksimplaar moast wol neiteam wêze fan de fisk fan dy wûndere âldfeint eartiids.

Nei in âld ferhaal fan Jelle de Wal
en in snoekekop fan Tjibbe de Jong

maandag 3 februari 2020

k o a r t s


















Wiis mei dizze foto út myn bernetiid doe ’t winter noch winter wie en mids jannewaris dat jier de kjeld deryn batste en wiken oanhold. Mei breiden boarstrok, flanellen pyamabroek en -jas ûnder de klean, op houtsjes allinne de Meannewei del nei pake 'n beppe yn it arkje. Healwei, yn lijte fan it âlde slûske helle ik myn smoarge knikkertsekje foar it ljocht en iet der in hântsjefol resinen út, krekt echt. 
Efkes letter wachte pake my yn de bollestâl al op. Troch it sjongen fan redens oer iis hie er al immen de feart delkommen heard. In stive noardwester blaasde jin troch alles hinne. Mar ik hie it swit op de rêch en in dikke reade kop doe't ik skrabjend mei myn redens remme en foar him stil hold.
Njoggen/tsien sil ik west ha doe’t er my mei in swaai oer de râne fan de arke hinne helle en op in âld matte delsette. Syn waarme azem blaasde er tsjin it beripe aluminium Raifaissentermometerke dat tsjin it sket neist de bûtendoar yn de bollestâl hong. Mei in finger fage er it skjin. Hy bearde wakker, om't dizze om krapoan 11 oere noch sa ‘n -11°C oanjoech.

Efkes letter siet ik mei de hannen om gleone poeiermolke teard, in taaimantsje op skoat en tûkeljende teannen op de hjitte kachelskop mei pake en beppe glunderjend nei te gloeien.

It wie bûten stjerrende kâld. It kwik sei noch altyd fier ûnder 0 doe ’t ik tsjin itenstiid wer op hûs oan wrotte. De gefoelstemperatuer moast noch útfûn wurde. Wie dy der al west dan hie er by my de +40°C grif wol helle. Want sa ’t pake by’t dachsizzen sei wie hy der wis fan dat ik de famyljekwaal, dy 't winterdeis by harren de kop opstuts, ek erfd hie.