Al jierren meie wy graach mei fakânsje nei Dútslân gean en dan it leafst yn it eardere East-Dútslân oan de Ostsee. Al binne se dêr de lêste jierren de boel ek tige oan it
opknappen, op plakken is it noch krekt as hat de tiid der stil stien. As ús fakânsje
foarby is, falt my op de thúsreis in net al te grut boerd lâns de sneldyk op,
mei de tekst KZ Ravensbrück. As wy wer komme, wol ik hjir hinne tink ik by
mysels. En dat bard, in jier letter.
Fan ús fakânsje-adres ride wy mear as in oere troch gans tichte bosken, mei hjir en dêr sicht op sompige flaktes of idyllyske
markes. Einlings komme wy yn in prachtich âld stedsje. Oer in blakstille mar
hinget in wiete, hjerstige dize. Nei wat omriden fine wy de dyk mei de namme Himmelpforter
Strasse. Nijsgjirrich ride wy de strjitte del. Oan de ein fan de dyk, lâns en op hege
wâlen, steane steatlike hearehuzen. Yn it Memorialcentre wurde wy gewaar dat
hjir de SS-offisieren wennen. Nei’t wy op it terrein in skoftsje omdwale, oan
it Memorialcentre in besite brocht hawwe en lâns tûzenen pasfoto’s rûn binne, jouwe
wy ús oandien efkes del op in bankje by it wetter. In man, dy’t krekt as ús, ek alles
mei ynmoed besjoen hat, komt op ús ta. Hy freget wêr as no it kamp is, om’t hy
de yngong net rjocht fine kin. Wy wisten it ek net dêrom wiene wy efkes sitten
gien. It docht bliken dat de yngong achter in heech, breed gebou is, hjir is ek
in grut plein. Manlju binne drok dwaande om de tûzenen en tûzenen bernekopkes fan
it plein opnij te straten. Op knibbels lizze se en slaan ien foar ien de stiennen
teplak. Ik tink oan de ferhalen dy’t ik krekt lies yn it Memorialcentre … As
dizze stiennen ris ... en pikefel lûkt oer myn hiele liif.
Deun lâns de
muorre rinne wy nei in lytse poarte. En dêr leit, útgroeven yn de heuvels, in ymmins grut sintelfjild. Mei
rûnom stikeltried en tsjuster wâld. Op de plakken dêr’t de tsientallen
barakken stiene, is de grûn ferhege. Guon barakken, binne stean bleaun. Hjir waard de nij oankommen
finzenen alles wat se besieten ûntnaam. Lâns it brede paad
yn de midden fan it kamp steane noch deselde beammen as doetiids. Ynformaasje
seit dat se yn 1939 by de iepening fan it kamp plante binne. Foar finzenen dy’t
har net oan de kampwetten holden, is – ûnfoarstelber - neist it kamp in
finzenis. Folle mear hawwe wy dêr sjoen, te slim foar wurden.
Wer thús, skreau
ik it fers ‘stil’. It binne grif allegearre klisjees mar kin it ea sûnder klisjees
ferwurde? Hieltyd wer moatte neffens my de wurden sein en skreaun, dat wy en dyjingen nei ús, nea ferjitte.
s t i l
fan tûken, keal en neaken
dript hert-ritmysk de ellinde

wylst sy noch altyd binne
fertrape bernelûden
skrieme yn kriezjende sintels
en ’t stikeltried dat gûlt
om ferfleine libbens
safolle sielen, sa oerweldigjend
hinget harren lûdleas razen
foargoed yn ferneatige stilte
fan Frauenlager Ravensbrück
©anne heegstra