dinsdag 9 juni 2026

Labânstee

 

Djip yn de Alde Feanen op in komelkerij, sûnt lange tiid neamd ‘Labâns’, buorken begjin 1960 Sietse en Jikke Jonker. Sietse wie in fleurich man, net al te hastich, mei in pear heldere eagen dy’t iepen en earlik de wrâld yn seagen. Harren húshâlding bestie út fiif bern, 2 fammen en trije jonges. It wenstee lei oan in opfeart yn de trijehoek fan landerijen tusken Greft, Folkersleat en Holstmar. Hja buorken op dizze krite mei sa’n 25 stik fee, twa hynders en wat geiten. Midden yn Fryslân, lykwols poer op’e romte. By’t winter lei it wenstee faak omseame troch in grutte wetterflakte. It wetter stie dan bytiden oan de drompels fan wenning en skuorre ta.

Mar sa fier wie it noch net dy tiisdeis 3 oktober1961. Mei suver wat near waar wiene de jonges Wietse en Tseerd moarns ier al nei de Wyldlannen oan oare kant Folkersleat set om te gerskjen. Yn de rin fan de moarn sette Sietse op harren ta en help it gers foar de driigjende bui thús te krijen. Hastich wie er net dat hy die it him wol oan tiid en meitsje noch in praatsje mei buorman. Wylst hja dêr sa stiene te petearjen bongele in peukje him lykas altyd yn de mûle. Stadich dôve it troch snotte die’t him algeduerich út de noasters rûn. Letter op de moarn, fier oan oare kant Folkertsleat, holp Sietse de jonges by it opladen fan de pream dy’t yn in opfeart lei.

Noch mar krekt mei syn trijen dwaande, kaam it minne waar hastich opsetten. Grouwe tongerkoppen kamen driigjend oer wetter en landerijen op harre ta setten en tsjin de middei barste de bui los. It wie allegearre fjoer yn de loft dat it like de manlju better en gean mar op hûs oan. Beide jonges rûnen foarop en Sietse kaam kalm efter harren oan panderjen mei, sa as wenst, de seine oer it skouder.

Yn it Koopmans Ald Fean, goed 500 mtr. súdlik fan de Folkertsleat yn it folslein iepen fjild kaam ûnferwachts de fatale slach. Sietse wie op slach dea. De klean wiene him oan de foarkant troch de wjerljocht omtrint alhiel fan de hûd ôf en oan flarden skuort. Oan syn lichem wie eins neat te sjen, allinne yn de hals wêr’t de seine oer it skouder lein hie, siet in skroeiplakje. Oan Wietse skeelde lykwols neat mar hy moat ál op slach dea west ha. Men tinkt fanwegen de luchtdruk of dat er troch de skrik oan in hertoanfal stoar. De jongste jonge, de fiiftsjin jierrige Tseard, rekke bûten westen. Doe’t er wer bykaam rôp er oan syn heit en oan Wietse, mar der kaam gjin antwurd. Alhiel fan slach strompele Tseard nei de skou en die by Hornstra op Cuba oan oare kant Folkertsleat syn ferskriklik ferhaal. Hornstra gie mei Earnewâldster Jelsma der fuort op ta en nei ûngerêst sykjen fûnen hja beide lichems. Feralterearre setten se wer op hûs oan, diene de oare buorlju hastich berjocht en de Grouster doktor waard helle. Troch de buorlju binne beide stoflike omskotten yn skouwen ophelle wurden en nei de pleats fan buorman Fokke v.d. Berg, op Luctor et Emergo brocht.

Doe’t Tjeerd yn de rin fan de middei goed en wol thús wie, like it dat hy dochs flink ferwûne rekke wie. Hy hie fan de ynslach dochs in flinke skamper meikrigen en koe net mear rinne. Sa geande wei de jûn knapte er gelokkich wer wat op en de oare moarns like it al wer wat better mei him te gean.

Op ‘Luctor et Emergo’ waarden heit en soan yn de skuorre op ljedders opbierd om’t in frjemde dokter earst noch wer de deadsoarsaak fêststelle moast. Ek moast de plysje komme om rapport op te meitsjen om’t it hjir om in gewelddiedige dea gie. Pas nei’t it Iepenbier Ministearje harren goedkar jûn hie mochten beide mannen yn de kiste lein wurde. Sa binne se wer thús kaam, by frou en mem en op 6 oktober 1961 binne Sietse Jonker, âld 59 jier en soan Wietse, âld 20 jier yn Grou te hôf brocht.

De fersleinens wie net te beskriuwen. Buorlju hawwe de widdo Jikke en har bern neitiid holpen mei it behimmeljen fan it fee. In goed healjier letter, nei in drege winter, naam Jikke it beslút mei buorkjen op te hâlden en ferfear nei it arbeiderswenninkje fan Jacobi yn it Leechlân. Jierren hat Tseerd hjir arbeider west en syn mem Jikke holp allike hurd mei. No al wer jierren buorkje de bruorren Sietse en Tseerd fier oer it wetter op de Hege Warren. Wér poer op’e romte mar mei dit ferskil, hjir is mei auto as fyts oer Headamsbrêge te kommen.  

Lang hat it Labân stee der ferlitten en slim ferfallen by stien. By’t simmer omseame troch wâljende landerijen. By’t hjerst en winter ynsletten troch weagjend wetter of spegeljende iisflakten. It hat te keap stien en de heechste bieder mei Fl. 8659,-- wie Sytsema fan Drachten. 


Tsjintwurdich stiet der noch in tropke beammen. Hja fertelle as iennichste tsjûgen fan it drama dat him hjir yn in fier ferline ôfspiele. It is no natuergebied, de opfeart is dimpt, men kin der net mear komme. It âlde Labânstee is ûntagonklik gebied wurden. Allinne in pear ymposante see-earnen mei har jongen sjocht men sa no en dan heech oer Labâns krite mei harren djippe, trage wjukslach gean, as skroefjend op de termyk boppe it âlde stee stean. Heech yn Labânsbeammen lit de âld earn efkes letter syn heldere, skerpe eagen hifkjend oer gea en krite gean, der ûntkomt him neat, krektlyk as eartiids de heldere, blauwe eagen fan Sietse Jonker.

 
 


 

Geen opmerkingen:

Een reactie posten