zondag 15 december 2019

djoer krystguod

It krystguod dat it meast brûkt waard siet yn in krystdoaze, kreas yn fakjes. Ek de doaze goedkeape brot, de helte stikken en oare rotsoai, stie der noch. Mar it iene âlde doaske? Moast miene dat dát te finen wie? De hiele souder is omtrint op de harsens helle. Alderhande doazebrot mei oare rimram. Mar krekt dat iene, mei paktoutsje om skansearre dekseltsje ...
Der net fan sliepe kinne fansels mar nachts begûn my ferd... wat te daagjen. 
Neffens my hie ik ferline jier by it oprêden fan it krystguod sein dat dy doaze mei âlde meuk wol yn de kontener koe. My net realisearjend dat eat wat foar d' iene âlde meuk is, foar d' oare dierber guod wêze kin. It soe dochs net wier wêze!  Mar it doaske bleau wei. De hiele wike hat it my yn de kop omspûke en op de wûnderste plakken haw ik socht. Stom miskien mar mislik wie 'k er somtiden fan.
Fan ‘e wikke haw ik nij âld krystguod helle. Ik skrok wol hoe folle soks wol net koste mar mei it frommeske fan ’t Poartehûs sneupte ik yn it teare spul om. Doe ’t se myn ferhaal hearde spatten de eagen har op it wiidst iepen en sloech se de hân foar de mûle. Se wie gék op âld krystguod en sammele it al jierren. Ienriedich hawwe wy stil in hoart oant ’t sykjen west en omtrint mei itselde krystguod as dat 60 jier lyn thús yn ús krystbeam hong bin ik thúskaam. Fansels hie se de selsknipte stjerkes foar om de kearskes, makke doe ’t ik in jier of 7/8 wie, net. Dy wiene ûnbetelber, nearne te keap.
Thús die ik it deksel fan it doaske en helle it bobbeltsjeplestik foarsichtich derút. Dêr lei it nij kochte âlde krystmantsje, sulveren klokje en de moai bewurke ballen. Moai en djoer krystguod. En dochs miste der wat.
Dít krystmantsje lei wêr 't er lei wylst it krekt wie as ferline jier ús eigen efkes nei my glimke en knypeage doe’t ik foarsichtich it floeipapier oan kant lei en him lizzen seach. 
Frjemd, kâld en ûnwennich lei dizze der hinne skiten. It sei my neat  Eins koe ik suver hast wol wer janke want de waarmte fan eardere jierren, dý striele my no net temjitte.  

Jûns haw ik al it nij kochte nochris foarsichtich troch de hannen hân. In hurddraver soe it ferskil wier net sjen. Dochs is it bobbeltsjeplestik wer boppe op it guod kaam en it deksel wer op de doaze. Ik haw him earst mar opburgen. Oar jier mar wer ris sjen.