zaterdag 27 februari 2021

r e e d r i d e

En dan ynienen, nei in wykein mei hurde wyn, froast en snie, leit de feart moarns ticht. It is kwalster en grûniis. It is snijend kâld mar mei in waarme jas kin ik my dêr tsjin klaaie. It friest nachts àl mar mear en ek oerdeis bliuwt de temperatuer ûnder nul. Geandewei de wike wurdt der al riden op iisbanen en ûnderstrûpt lân. It iis yn de feart achterhûs is min, op plakken leit noch gjin fingerdikte. Achter it finster hâld ik myn hert fêst as guon nei in pear nachten al de earste streken yn it tinne laachje snie sette.

Nei myn ûngemak in pear jier lyn is reedriden foar my eins net mear oan de oarder. Mar as geandewei de wike de temperatuer nachts al mar mear sakket, it Wiid sterker wurdt, giet myn langstme lyk mei it friezen op … miskien dochs noch, efkes … foarsichtich tusken de stegers en miskien moarn op’e neidei hinne en wer Peenstra? Jûns appt de dochter -  as we ek noch in pear redens maat 39/40 lizzen ha. It antwurd is nee, want … miskien ommers?

Ek op Headamskampen wurdt al riden. As ik rinnende lâns Heamdamsleat gean, skimerje de earste riders troch de reiden. Ik doch krekt in stap hurder lykas myn hert, dat krekt in slach hurder slacht. Ik sjoch net allinne riders. In blau swaailjocht skimeret tusken it sêft ferwegen fan de reiden. As ik neier kom hear ik kermjen fan de brankaar kommen. In âlder frommeske leit derop, ien hân oer de eagen en de oare frjemd ferwrongen foar it boast.

By de koek en sopy-tinte jit ik my wat waarmte yn it liif. By it sjen fan al dat ridend folk wurd ik eins fansels al waarm mar myn oanstriid om op redens is aardich bekuolle. As efkes letter de sike-auto mei blau swaailjocht stadich fuortryd, stiet myn eigen rit fan in pear jier lyn my wer helder foar de geast. Nei’t ik noch wat by it iis omspaan en hjir en dêr mei in bekende wat praat, set ik oer it skulpepaad wer op hûs oan.  

Yn it weistjerren fan de iiswille geane myn gedachten as fansels nei sawat 58 jier lyn. Nei myn earste slaggen op de Foudering yn Wergea oan de stok tusken ús heit en Tytsje (OBAS) yn. Letter mei oare bern út de nijbou ride op it ûnderstrûpte hoekje bougrûn neist de Foudering. ‘Pake Floris’ fage de baan, bûn ús sa no en dan opnij wer ûnder. ‘Beppe Teatske’ hie waarme poeiermolke, fage snotnoazen en bewuolle yn har bûnte skelk de blauwe bernehantsjes.  Myn earste loop nei pake en beppe, healwei de Meannewei útpûste yn de sleatswâl snobjend fan de rezinen, oerholden fan d’ien as d’oare tocht dy’t ús heit earder riden hie. As bern foar it earst oer Headamskampen - dy ûnmjitlik skitterjende iisflakte dêr’t gjin ein oan skynde te kommen.  Letter al dy oare tochten. Op iere moarn, mei prykjend froastwaar de mearke-eftige wrâld yn ride. It wie sokke tiden as gie ik op wjukken.

Jûns thús haw ik it doaske mei foto’s noch wer ris foar it ljocht helle. Tusken alderhande kykjes en oare nuveraardichheden fûn ik se. Wer hearde ik de wurden fan in pear jier ferlyn – ik haw myn bêst dien en hoopje dat jo yn de takomst wer in pear kilometer efterinoar rinne kinne, mar dat is mei oan jo. Even stie dy tiid my wer helder foar de geast. De foto’s fan it brutsen ankel mei de pinnen, platen en skroeven kamen wer yn it doaske. Nei’t ik it deksel der op dien hie, skowde ik it mei in djippe sucht wer yn de boekekast en stjoerde in appke. ‘Helje moarn de redens mar’.

De sneontemoarns wie it Wiid fol reedridend folk. Wat hiene ék de bern in wille. De reade kopkes skoden glunderjend de feart del. Guon stiene foar it earst op redens. Wa sil sizze wannear dit wer koe? Op dit oantinken soene se faaks jierren tarre moatte. En dan sa’n moaie wrâld ynriede sûnder earne poeiermolke? 

Ik seach âlde Floris’ Teats wer op it ein fan it ûnderstrûpte kampke bougrûn dwaande yn harren nocht oan de wille fan bern op redens. 

Dy middeis stie foar elk dy’t sin oan wat waarms hie, poeiermolke op it Wiid.