zondag 29 september 2019

k n i p k e u n s t


Soms samar ynienen bringt eat my werom yn it ferline, in lûd, in geur, in byld. As in flits sjit it dan troch myn tinzen en bin ik efkes wer tebek yn de tiid. Yn in tiid koartlyn mar faak ek láng al lyn. Sa as okkerdeis, doe’t ik op’e jûn troch de buorren rûn. De sinne hie him suver krekt deljûn en de buorren stie skerp ôftekene yn de feart. It die my earne oan tinken. En wat hjoeddeis sa handich giet … ik pakte myn snoadfoan, knipte yn de rin wei in kykje.
Tsjintwurdich is soks sa maklik no. Neat gjin djoere roltsjes mear wêr’t je sunich mei de knipperij omgean moatte om’t se nei 12, 24 wie wol djoer hear, al fol binne. Op de fyts nei de fotowinkel yn de stêd, in lyts wike wachtsje en dan mar ôfwachtsje oft se slagge wiene. Mei dy snoadfoan is’t in spultsje fan, knip mar raak. In aardichheid. Op hûs oan fergeat ik it momint dêrom geandewei ek wer.

Mar in pear dagen letter kaam ik de foto wer tsjin doe’t ik in oaren delhelje soe. En as mei ien fingerknip wie it oktober 1969 en siet ik oan myn taffeltsje by de hantwurkles fan juffer Meijer. Se hie in ferske yn myn poëzyalbum skreaun. Eartiids yn Wergea op skoalle hiene alle famkes sa’n album. Oft famkes noch yn Poëzyalbums skriuwe? In ‘vriendenboekje’ hawwe se tsjintwurdich leau’k.

By it nei hûs gean joech juffer Meijer my myn album wer. Wylst se it moaie reade omslach iepen tearde, foarsichtich nei har bydrage bleddere en it my sjen liet, sei se, ‘ik hoopje datst it moai fynst’. Ik knikte en glimke wat besketen.
Och, it ferske wie moai hear, dêr net fan, mar wat se der neist dien hie … Oaren plakten by harren ferske moaie fûgeltsje- as blomkeplaatsjes mei glinsters, dat fûn ik eins folle moaier as har sels útknipte Bambi. No ja, it wie net oars.

Letter, doe’t ik yn de gaten krige hoe’n tiid se der yn stutsen hie, hoe keunstich oft it eins wie, waard it in oar ferhaal fansels. Ik fûn en fyn it prachtich.

Hjir moast ik no, 50 jier letter, oan tinke nei’t ik dizze, yn de rin wei makke foto delhelle hie en de buorren as 'útknipt' foar my ferskynde. It blêd oan de beam, de mêst fan in syljacht, sels de fisker syn angel stie skerp ôftekene yn de feart.

 As wie it knipkeunst … juffer Meijer har Japanske knipkeunst.