donderdag 8 augustus 2019

t u t t e


It heugt my noch skoan dat der eartiids op de legere skoalle in foardrachtwedstriid hâlden wurde soe op de boppeseal fan it kafee ... as doarpshûs, dêr wol 'k ôfwêze. Gedichten moasten wy fan master út de holle opsizze kinne. Hy liet ús earst heare wat as de bedoeling wie en droech sels guon fersen kalm en dúdlik foar. Van der Vlugt koe dat as gjín oar!

Ik fûn it prachtich en learde 'Abe Sjipkop' thús glêd út de kop en yn de feiligens fan myn eigen keammerke koe ik it kreas foardrage. Mar dy freedtemiddeis,  foar de klasse, wie ik fierstente bleu om it foar al dy eagen dy’t my oanstoaren op te sizzen. De wurden wie ik glêd fergetten. Oe, as ik mar net in kleur krige! En mei fielde ik dat myn holle hieltyd reader waard. In fjoerreade kaam luts tûkerjend fan myn teannen oant krún omheech. Fan de senuwen koe ik ek it pisjen mar amper ynhâlde – dat mei it foardragen is it doe en ek letter, eins nea wer wat wurden. Soest sizze kinne dat ik yn dy pear minuten in trauma skipe.

Ik hear ús mem noch sizzen doe’t ik neitiid thús kaam en se myn relaas oanheard hie – och fanke, wat bist ek in tutte - en krûpte my oan.

En no binne dan guon fersen fan my yn it boekje FeRstival 2019 mei ferzen fan ferskate dichters publiseare. Jongerein kin hjir ien út kieze om foar te dragen. It sil mij benije as ien fan myn ferzen ea troch in jonge as famke foardroegen wurde sil - dát soe wat wêze!

... Mar dan hoopje ik al dat dyjinge op dat stuit minder, sa't se tsjintwurdich sa moai sizze, 'gestresst' is, as dat ik doedestiids senuweftich wie.


zondag 4 augustus 2019

op de kop ôf

Hjoed, in snein as eins alle oare sneinen. Dochs is der wat. Ik fiel it ... ik wit it. Ofrûne wike hat it my ommers sa no en dan troch de holle spûke. As in wjerljocht is it der wer. Net krekt de datum mar wol de dei dat it my, ús, oerkaam. Hjoed op de dei  ôf 30 jier lyn. In mylpeal soest sizze kinne!
Wa hie tinke kinnen dat it sa beteare soe?

De earste snein yn augustus 1989 -  neffens my de lêste snein fan S syn fekânsje en yn Wergea is it merke. Mar wy hawwe gjin nocht om der op ta. Nei in fertrietlike tiid is elk yn ús húshâldinkje noch altyd drok dwaande om yn 't libben syn of har wei wer te finen. Dy moarn is it al brodzich en near. Wy sille hjoed noch mar wer mei de boat it wetter op. Nei de Saiter, ik mei dêr altyd graach lizze. It fielt as thúskommen, nei oan de hoeke fan de steger. Oan it ein fan de reidstripe dy’t der no al lang net mear is. Kleden op de kant, swimme, sile en lêze en nochris lêze. Efkes der hielendal út en miskien wer wat wille mei-inoar. S, dy’t as in stoere jongkeardel op syn surfplanke oer de Saiter ‘sjit’. De fammen, 10 en 8 jier âld, laitsje der gelokkich om. Se sile der yn harren Saiterjoltsje foar as neist. Sa no en dan hear ik in fleurich roppen oer it wetter. Sokke dagen meie om my wol ivich duorje …
Op de neidei rop ik myn folkje byinoar. De boel opfandelje en op hûs oan. Jûn komme ommers leave freonen J en S? As wy op Warten oanfarre komt my in knallende pinekop opsetten. Thús yt ik gau in pear paracetamollen en wurdt it wat minder, saksearret it gelokkich wat.

Mar dat duorret net lang. Reedlik gau begjint it my wer te skimerjen en stean my de eagen hast skeel yn de kop, kin ik de lûden mar amper ferneare. Noch mar in pear paracetamol. Yn tiid binne J. en S. der ek en as wy oan in wyntsje mei wat iterij sitte is it der wer en bekrûpt my in frjemd gefoel. Ik fernim, fiel, dat dit net goed komt! Efkes is it krekt as buorrelet der wat yn myn holle. Ik skodzje efkes mei de kop en is it ek wer oer. Mar it komt noch in kear. Dan, by de tredde kear sakket my de earm fan de stoelleuning en wurdt it praat om my hinne ien frjemd gegûns. Ik fiel dat ik fan de stoel gliede sil en kin my der eins hielendal net tsjin ferweare.
Gelokkich hat ús besite eins fuort yn de gaten wat der loas is. S bringt my gau op bêd en dan giet it rap. Binnen de koartste kearen bedarje ik mei loeiende sirenes yn it Bonnehos.

Goed oardel dei sweef ik op it rântsje. Aldergelokst kom ik by. Se bringe my foarearst wer ûnder seil.  De holle moat rêst hawwe om sa goed as mooglik te genêzen. Nei ferskate ûndersiken komme de spesjalisten der al gau achter dat ik in flink CVA haw. Hoe lang as it duorje sil? Earst mar in dei as 4, 5 ôfwachtsje en dan fierder sjen, sizze se S.  Mar dat it dreech wurdt witte se no al wol. Eins is der neat fan te sizzen. Allinne dat der in net te operearjen aneurisma djip yn de harsens sit. Ut dit aneurisma is in bloedprop lossketten en dizze slút in part fan de harsens fan soerstofryk bloed ôf. Wichtich is, hoe as it de kommende dagen ferrinne sil.

Dat wie hjoed op de kop ôf 30 jier lyn.
Jierren letter skreau ik ûndersteand fers.
 
sekreet fan serebraal 
sûnt oanset yn serebraal beskûle
leit it longerjend op de loer
oant dy neare neisimmerdei
oanboazjend komt it oer

benearjend ferdizenje bylden
lûden wurde sêft rûzjen en fertize
tinzen fâldzje it ferfleine 
yn in ferlamjende dize

wâljende eangst wol'k warre
mar pandelt eigen paad
en panys' komt preuveljend
as los sân myn praat

wylst it fluensk de flerken wuollet
om't warleas wrakseljen
hellet it my oer, lit ik my gean
sûnder mear tsjin te akseljen

 anne heegstra