Wa hie tinke kinnen dat it sa
beteare soe?
De earste snein yn augustus 1989 - neffens my de lêste snein fan S syn fekânsje en yn Wergea is it merke. Mar wy hawwe gjin nocht om der op ta. Nei in fertrietlike tiid is elk yn ús húshâldinkje noch altyd drok dwaande om yn 't libben syn of har wei wer te finen. Dy moarn is it al brodzich en near. Wy
sille hjoed noch mar wer mei de boat it wetter op. Nei de Saiter, ik mei dêr altyd
graach lizze. It fielt as thúskommen, nei oan de hoeke fan de steger. Oan it ein fan
de reidstripe dy’t der no al lang net mear is. Kleden op de kant, swimme, sile en lêze en nochris lêze. Efkes der hielendal út en miskien wer wat wille mei-inoar. S, dy’t as in
stoere jongkeardel op syn surfplanke oer de Saiter ‘sjit’. De fammen, 10 en 8
jier âld, laitsje der gelokkich om. Se sile der yn harren Saiterjoltsje foar as neist. Sa no en
dan hear ik in fleurich roppen oer it wetter. Sokke dagen meie om my wol
ivich duorje …
Op de neidei rop ik myn folkje byinoar. De boel opfandelje
en op hûs oan. Jûn komme ommers leave freonen J en S? As wy op Warten oanfarre komt my in knallende pinekop opsetten. Thús yt ik gau in pear paracetamollen en wurdt it wat minder, saksearret it gelokkich wat.
Mar dat duorret net lang. Reedlik gau begjint it my wer te
skimerjen en stean my de eagen hast skeel yn de kop, kin ik de lûden mar amper
ferneare. Noch mar in pear paracetamol. Yn tiid binne J. en S. der ek en as wy oan in wyntsje mei wat iterij sitte is it der wer en bekrûpt my in frjemd gefoel. Ik fernim, fiel, dat dit
net goed komt! Efkes is it krekt as buorrelet der wat yn myn holle. Ik skodzje efkes
mei de kop en is it ek wer oer. Mar it komt noch in kear. Dan, by de tredde
kear sakket my de earm fan de stoelleuning en wurdt it praat om my hinne ien
frjemd gegûns. Ik fiel dat ik fan de stoel gliede sil en kin my der eins hielendal
net tsjin ferweare.
Gelokkich hat ús besite eins fuort yn de gaten wat der loas
is. S bringt my gau op bêd en dan giet it rap. Binnen de koartste kearen
bedarje ik mei loeiende sirenes yn it Bonnehos.
Goed oardel dei sweef ik op it rântsje. Aldergelokst kom ik by. Se bringe my foarearst wer ûnder seil. De holle moat rêst
hawwe om sa goed as mooglik te genêzen. Nei ferskate ûndersiken komme de spesjalisten der al gau achter
dat ik in flink CVA haw. Hoe lang as it duorje sil? Earst mar in
dei as 4, 5 ôfwachtsje en dan fierder sjen, sizze se S. Mar dat it dreech
wurdt witte se no al wol. Eins is der neat fan te sizzen. Allinne dat der in net te
operearjen aneurisma djip yn de harsens sit. Ut dit aneurisma is in bloedprop lossketten en dizze slút in part fan de harsens fan soerstofryk bloed ôf. Wichtich is, hoe as it de kommende dagen ferrinne sil.
Dat wie hjoed op de kop ôf 30 jier lyn.
Jierren letter skreau ik ûndersteand fers.
sekreet fan serebraal
sûnt oanset yn serebraal beskûle
leit it longerjend op de loer
oant dy neare neisimmerdei
oanboazjend komt it oer
benearjend ferdizenje bylden
lûden wurde sêft rûzjen en fertize
tinzen fâldzje it ferfleine
yn in ferlamjende dize
wâljende eangst wol'k warre
mar pandelt eigen paad
en panys' komt preuveljend
as los sân myn praat
wylst it fluensk de flerken wuollet
om't warleas wrakseljen
hellet it my oer, lit ik my gean
sûnder mear tsjin te akseljen
anne heegstra
Jierren letter skreau ik ûndersteand fers.
sekreet fan serebraal
sûnt oanset yn serebraal beskûle
leit it longerjend op de loer
oant dy neare neisimmerdei

lûden wurde sêft rûzjen en fertize
tinzen fâldzje it ferfleine
yn in ferlamjende dize
wâljende eangst wol'k warre
mar pandelt eigen paad
en panys' komt preuveljend
as los sân myn praat
wylst it fluensk de flerken wuollet
om't warleas wrakseljen
hellet it my oer, lit ik my gean
sûnder mear tsjin te akseljen
anne heegstra