donderdag 6 juni 2019

f a r w o l




By it ôfskie fan in omke, in pear jier lyn, fertelde in goede freon fan him dat syn maat yn sýn bywêzen, op in hoare winterjûn mei ljochtmoannewaar oer de stille iisflakten fan de Alde Feanen ris in fers foardroech. ‘Afvaart’ hiet it en it wie fan, ik wist de namme net krekt mear mar, in langlyn al ferstoarne dichter. 

It bleau lang stil, nei't de lêste wurden fan it fers oer de glinsterjende flakte ferflein wiene. ‘Dat meist om my wol by myn ôfskie foardrage’, sei syn kameraad sêft. Myn omke, dy't nochal wat âlder wie miende dat hy wol earst gean soe. ‘No, as dat sa wêze sil dan doch ik it foar dy’, wie doe it andert fan syn maat.

En dêr hold er him oan. By it ôfskie droech er it mei ynmoed foar. Ik fûn it sa moai dat ik it omtrint wurdlik ûnthold. Yn myn eigen taal, op in kladsje, bewarre ik it.

En dý wurden driuwe no de lêste dagen soms samar ynienen yn deidreamen stil oan my foarby ...


farwol

oan it roer dy jûne stie it hert
en skippe beamt’ en moanne
yn him yn
en driuwend oer spegeling
fan al wat it ferduorre hie
fear it mei skimer en twirring
om boech en mêst
foarby de lêste stêd
 
anne heegstra

nei Afvaart fan 
Gerrit Achterberg