zondag 31 maart 2024

Peaske


Sitte we foar de Passion, seit er - dy drummer drumt goed! Hy kin 't witte, hy drumt ek. Ynienen ropt er - dit ferske kin ik ek en drumt noch fûlder mei syn fingers op de knibbels mei. Mar dan hâld er op, sit stil te harkjen en ik sjoch stadich in pear dikke triennen him oer de wangen rinnen. Wat no!?, freegje ik.

Myn hin is ek dea, krekt as Jezus, seit de lytse pikeboer. Och heden, ik skrik derfan en hy komt neist my op de bank sitten. Krektlyn? freegje ik. Nee, al twa jier ommers en hy gûlt noch fûlder. Dy is ek yn de himel!

Ach ja, jawis, sis ik - yn de hinnehimel en besykje earnstich te bliuwen.

Nee, seit er, hjir. En hy leit in lytse hân krekt boppe syn maachje.

Ohw, ha jim him opiten? (boeresoan no, hy nimt ek wolris fleis fan eigen kij mei)

Och heden, doe hie 'k it noch net oprêd! Ik yt myn hin net op! Hy sit yn myn hert!

Aha!

Even is it stil en dan seit er - ja, en dêr komt beppe aanst ek!

Ik ferbyt myn laitsjen. De triennen rinne my ek al oer de wangen en krûp him stiif even oan sadat er myn gesicht mar net sjocht.

Mar dêr hoecht beppe net om te gûlen, seit er as er my snuven heard en opsjocht - sa giet it gewoan.