Befrijingsdei hear ik middeis op de radio dat ien as d’oare gek mei in buks in earre- barre fan
it nêst sketten hat. It pearke siet op 4 as 5 aaien. Foar de oerbleaune fû- gel wie it ûnmooglik om de aaien út te brieden en de jongen grut te krijen. It die my tinken oan it wûndere ferhaal dat ik as bern ris hearde, it ferhaal fan lytse Jelle en syn Sijke.
Jelle
wie noch mar sa’n mantsje fan in jier as fjouwer, doe’t er begjin 1900 mei syn
âlden, broers en suske op it Allemanstee yn de Alde Feanen wenne. It wie in flinke pleats oan de oare kant Grêft. Hy stie
oan in feart tusken it Allemanstik en de lytse Saiter polder. Hjerstmis hie de mûne
klauwen om de Lytse Saiterpolder by it âlde
stee droech te hâlden. En inkeld barde it, dat de landerijen fan polders en neistlizzende
mêden ûnder strûpten. Nei in wiete hjerst en ûnlijige winter woe it wetter ek
dy maaitiid mar min wike en doe’t mits maart it dan dochs belies jaan moast,
wie it lân fierste wiet foar de tiid fan it jier. Foar de fûgels dy’t werom út
it suden kamen wie it in poepetoer en fyn in gaadlik hinnekommen om harren nêst
te bouwen. Hja woene allegearre it moaiste plakje op de hegere stikken lân en
polderdykjes. It tilde dêr dan ek op fan de fûgels.
Mids
al dat sjongen en pronkjen hie it jonge ljipke Sijke allinne mar each en ear
foar dy iene. Slim fereale wie se op in prachtich glânzgjende Hij. Syn
poarperen dek skittere yn it sinneljocht en like wol fjoer te sjitten as er oer
de wjuk gong. Hja wie ferlern en doe’t er fol langstme har rôp wie se net te
hâlden. Hja mienden, se hiene gjin tiid te ferliezen. Der waard in kûltsje skrabbe en mei striekes beklaaid. Binnen de koartste kearen leine der fjouwer moaie,
grien spikkele aaikes yn. Wakkere grutsk tearden Sijke en har Hij om bar it
waarme, beskermjende boastke oer de aaikes en sieten op harren kostber briedsel. Gjin
momint lieten se it nestke allinne. Oant
dy fatale moarn.
Sijke hie in lange nacht sitten te wachtsjen…en te wachtsjen. Mar al wa’t werom kaam, net har Hij. Foarsichtich hie se al ris om de râne fan it nêst hinne stapt, harsels gâns grut makke en de loft ôfsocht. Skril en skel rôp hja him mar hy kaam net opdaagjen.
Sijke hie in lange nacht sitten te wachtsjen…en te wachtsjen. Mar al wa’t werom kaam, net har Hij. Foarsichtich hie se al ris om de râne fan it nêst hinne stapt, harsels gâns grut makke en de loft ôfsocht. Skril en skel rôp hja him mar hy kaam net opdaagjen.
Dat
fel geraas fan it ljipke, hearde lytse Jelle. Hy hie, lyk as oare moarnen, tagelyk
mei de sinne de sliep út. Mei de hantsjes efter de holle lei er yn it bekommen
nei de fûgellûden, dy’t troch it iepen dakfinster kamen, te harkjen. Hy hearde
fuort oan in ljipke har roppen dat der eat goed mis wie! Gau strûpte er de
klean oan en roetste, sûnder lûd te meitsjen, lâns de ljedder. Op’n draaf
fleach er yn de klompen en stode it bûthús del. Efterhûs sette er de earen op
skerp en hearde wêr as it benaude roppen no krekt weikaam. De finne del en in
stik lân troch, sa rûn er op it lûd fan
it benaude Sijke oan. It ljipke siet fan kleare ellinde te triljen op it nêst
en rôp wakker oerémis nei Jelle. Mar it lyts baaske prate kalm en bedaard op it
ljipke yn en al reedlik gau hie Sij foar it ferstân dat se yn Jelle in freon
fûn hie.
Hja waarden it iens! Sijke koe om iten út wylst Jelle op it broed paste. Sa soe wêze, krekt sa lang oant Sijke har Hij werom op it nêst wie. It jonkje tearde syn lytse lyfke om en oer it nêst, hiel foarsichtich, om de aaikes net te skansearjen. Sa hold er it waarm, oant Sijke mei it liif fol wer kaam.
Hja waarden it iens! Sijke koe om iten út wylst Jelle op it broed paste. Sa soe wêze, krekt sa lang oant Sijke har Hij werom op it nêst wie. It jonkje tearde syn lytse lyfke om en oer it nêst, hiel foarsichtich, om de aaikes net te skansearjen. Sa hold er it waarm, oant Sijke mei it liif fol wer kaam.
Mar
al wa’t wér kaam, net Sijke har Hij! Tegearre hawwe it lyts baaske en Sijke doe
de aaikes útbret en yn’e rin van de hjerst is Sijke mei har opslûpen jeugd nei it
suden ôfset.
Elke
maaitiid, as it ljipke wer oer de landerijen fan Trettjinmêden en lytse Saiterpolder
fleach brocht it earst har freontsje in groet. En Jelle, dy’t foar nimmen de
pet lichte soe, swaaide der optein mei nei Sijke, dy’t blier nei him rôp.
Oan
dit ferhaal moast ik tinke, doe’t ik yn it nijs hearde dat de aaien út
it nêst helle binne en yn in briedmasine útbret wurde sille om’t de
efterbleaune earrebarre op it nêst allinne fertutearzje sil. De
aaien binne rêden, sille wy mar rekkenje mar wat sil dy iene earrebarre har ellindich field hawwe doe't se by it leechhelle nêst kaam.
Wat hie it moai west as der no ek in lytse Jelle west wie.
Wat hie it moai west as der no ek in lytse Jelle west wie.