vrijdag 28 april 2023

De wetterduvel fan de Pingmar

 

Lang lyn, fier foar de ferfeaning, wie it lege midden fan Fryslân in gebiet dat bestie út blaugerslannen. It wie ûnlân mei lege begroeiing, hjir en dêr in poel, sleaten en in pear rivierkes, dy’t troch dizze wiete, sompige wrâld meänderen.

Yn dit ûnherberchsume gebiet wie net folle bewenning. It wie it domein fan bisten en fûgels, fan fiskers, stropers en jagers. Op dizze blaugerslannen, nei oan de Folkertsleat stie it prinselik jachtslot Princehof. Ien, heechút twa kear jiers kaam hjir folk om te jeien.

Noardeastlik fan it jachtslot, midden yn dizze ferlitten wrâld stie op in wat heger stik grûn in tropke hutten. Hjir huzen Franciscaner muontsen dy’t ta kleaster Galilea te Ljouwert hearden.  Harren taak yn dit bûtengebiet, fier fan de feilige kleastermuorren, wie turf út it leechfean te stekken. Net foar de hannel, sa’t hjir letter op grutte skaal turf wûn wurde soe, mar foar eigen gebrûk yn û.o kleaster Galilea. It ienige oerbleaune út dy tiid dat noch fan it bestean fan de muontsen tsjûget is in fersonken begraafplak, it saneamde Droevendal. Nei alle gedachten hat dit it plak west dêr’t de muontsen harren deaden begroeven. No, is it in ydillyske poel dy’t we noch Droevendal neame. De poel ferbynt de Saiterpetten mei de Holstmar.  Hjoeddei fynst yn Ljouwert ek noch in stege mei de namme Droevendal. Dizze leit tichtby it plak dêr’t eartiids kleaster Galilea stien moatten hat. 

De muontsen moasten har yn dizze fan god ferlitten oarde, fier fan de bewenne wrâld, sels sjen te rêden. Se ferbouden harren eigen grienten. Foar it fleis as fisk waard der jage en fiske. Se hiene in pear geiten foar de molke. Frjemd folk kaam der selden. Inkeldris brochten se in besite oan de mountsen fan kleaster Smelne op Smelle Ie. Soms kaam der in eigen broeder út Ljouwert by harren lâns mar meastentiids moasten se sels de lange reis nei it kleaster te Ljouwert ûndernimme. Se sylden as roeiden dan mei harren skouke nei Ljouwert. Mar meastentiids gie de reis te foet, troch ûnlân en oer polderdykjes lâns sleaten, poelen en markes, by Wergea del en sa op Ljouwert ta.

Op dizze reizen moasten se oer as lâns de Pingmar. De stream fan de Meanewei hie doedestiids in oare loop as hjoeddeis. Hij rûn troch de mar, dy’t doe ek grutter wie as no, en net mei reiden tichtgroeid wie.

It ferhaal fertelt dat oan de eastkant de Pingmar ûnmjitlik djip wie. Om de boaiem sjen te kinnen wie eins ûnmooglik. Mar mei blakstil en helder waar, as de sinne simmerdei op it alderheechst yn in strakblauwe loft stie, soe it kinne, waard sein. Net ien dy’t dit lykwols oandoarde of neifertelle koe, want de wetterduvel slepe dy mei nei ûnderen en friet dy op. Ferskeidene kearen wie dit al bard. It aparte wie dat er muontsen dy’t troch de jierren hinne lâns as oer de mar reizigen nea tenei kaam wie.

Op dy iene kears nei, dat in noch hiel jonge lekenbroeder, in boeresoan dy’t yn dizze kontreien opgroeid wie, langs de mar kaam. Hy wie bekend mei dizze streek, net benaud oanlein en om de spûkferhalen dêr’t elk yn dizze omkriten skitend benauwd foar wie, lake er.

It wie op in smoarhjitte simmerdei. Hy miende wol even de pij útstrûpe te kinnen, in dûk yn de mar te nimmen, om dan syn reis nei Ljouwert te ferfolgjen. Mei lange halen swom er hinne en wer de mar oer. It lange blûne hier weage yn gouden stringen efter him oan. It meunster hie him al lang yn it fizier en soe him dizze proai net ûntkomme litte. Doe’t de jonge broeder dan ek út it wetter stappe woe, waard er troch it hierrige meunster by de lurven grepen en mei nei ûnderen lutsen. Kâns om te roppen hat er eins net hân, doe wie er al yn de djipte ferdwûn. Frjemd, … want meastentiids wiene it jonge froulju dy’t it meunster mei nei ûnderen sleepte. Grif hie it ûndier him fersjoen op it lange goudblûne hier en de skjintme fan de jonge broeder.

Fan dy tiid ôf is de mar stadichoan mei reiden tichtgroeid. Net samar reid, mar sterk, goudgiel reid, poerbêst reid. Reid fan de alderbêste en djoerste soart. De muontsen doarden it net oan en hâld de mar skjin. Net heal doarden se it reid derút te skuorren. Om dochs in farwei nei Ljouwert te hâlden is de loop fan de Meanewei nei ferrin fan tiid doe om de mar hinne lein wurden. Mei de skeppe ha de mountsen dit stik feart útgroeven. En sa kaam der in pôle mei in polderdykje tusken Meanewei en Pingmar.

Op dit plak no, by de Meannewei’s brêge tusken Warten en Grou, lei de arke fan ús pake en beppe. Us heit en syn beide broers groeiden oan de mar op en hawwe dêr krekt as wij, de pake- en beppesizzers, in prachtige jeugd hân. Alles koe dêr op’e pôle. Fiskje, aaisykje, mei de skou it wetter op en winterdeis mei sterk iis, op redens de Meanewei del.

En achter de pôle lei de mar. By’t simmerdei mei it felgriene opkommend reid dat stie te weagjen op de wyn. Winterdei lei in leechsteande sinne in gouden glans oer it blonde risseljende reid. En by’t maaitiid, om dizze tiid hinne, kleure de mar goudgiel fan dotters.

Mar hoe’t it soms ek lokke, op it reidfjild mochten we beslist net komme. We wâlden it reid dan plat, sei ús pake. It soe brekke en neat mear wurdich wêze. En it lange, sterke reid fan dizze mar wie goud wurdich! Giene wy as bern al ris de mar op, dan koe de âld man raar prottelje, lulk waard er eins nea. Mar kaamst op dyn strúntochten achter yn de mar, dán koe er al lulk wurde, want achter yn de mar mochten we beslist net komme! 

‘Hjir rint in djippe sleat. Ast dêr deryn rekkest, strûpst ûnder de sompen fan de reidpôle en wat dêr wennet wolst wier net witte … !’