zondag 27 oktober 2019

û n b e t e l b e r


‘Gjin sjongend folk op ierde
wirdt warleas wei’

Fryslân Sjongt.
Priis 19 stûren

… is wat it âlde boekje fan ’44,
útinoar en fergiele, my sei.

Ik blêde it troch in hjerstmoarn en
bedarre by in simmerske Lofsang
op ‘e Fryske Marren.

Moai sûnder weargea binne de marren;
sêft wiuwend rizich reid oeral yn ’t roun,
silveren weagen, driuwende tillen,
dûk’ljende fûgels, fearjend de groun (2x)

Bewarre tusken kranteknipsels en
boekebrot fan in âld-mouike, my neilitten.

Unbetelbere simmerdagen yn in Sunlight sjippedoaze.