vrijdag 28 juni 2019

lytse keninginne


Yn ‘t Princessehof - Prinsessedei -
tripkje famkes mids keramyk
yn lúkse kreaasjes, Maxima allyk.
Himelsblau oant sûkerspinrôs.
Wolken tulesluier wâlje
om skouderkes. Suver echt
strielet glitter en diamant op
gouden kroan fan juwelier
Action op kroltanghier

Sa paradeart se op hege hakken
eptich, lyts prinseske,
... as wien' se foar har makke.

Mei sjoch ik myn suske, dideljen
yn memme' rôsreade roazejurk,
foar de spegel rûntsjes draaien.
Wite sleep, in stikje kant fitraazjekleed
fêst oan 't kroantsje (goudpapier op
buordkarton), streaket sêft it swilk
en spegel strielet stjerren
yn glinsterjende eagen,
... echt in keninginne.

Mar ja, se ferknoffele wol in ankel
want op memme hege hakken,
... koe sý nét rinne.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten