Soms samar ynienen bringt eat my werom yn it ferline, in
lûd, in geur, in byld. As
in flits sjit it dan troch myn tinzen en bin ik efkes wer tebek yn de tiid. Yn
in tiid koartlyn mar faak ek láng al lyn. Sa as okkerdeis, doe’t ik op’e jûn
troch de buorren rûn. De sinne hie him suver krekt deljûn en de buorren stie skerp
ôftekene yn de feart. It die my earne oan tinken. En wat hjoeddeis sa handich
giet … ik pakte myn snoadfoan, knipte yn de rin wei in kykje.
Tsjintwurdich is soks sa maklik no. Neat gjin djoere roltsjes mear wêr’t je
sunich mei de knipperij omgean moatte om’t se nei 12, 24 wie wol djoer hear, al
fol binne. Op de fyts nei de fotowinkel yn de stêd, in lyts wike wachtsje en
dan mar ôfwachtsje oft se slagge wiene. Mei dy snoadfoan is’t in spultsje fan,
knip mar raak. In aardichheid. Op hûs oan fergeat ik it momint dêrom geandewei ek
wer.
Mar in pear
dagen letter kaam ik de foto wer tsjin doe’t ik in oaren delhelje soe. En as mei
ien fingerknip wie it oktober 1969 en siet ik oan myn taffeltsje by de hantwurkles
fan juffer Meijer. Se hie in ferske yn myn poëzyalbum skreaun. Eartiids yn
Wergea op skoalle hiene alle famkes sa’n album. Oft famkes noch yn Poëzyalbums
skriuwe? In ‘vriendenboekje’ hawwe se tsjintwurdich leau’k.

Och, it ferske wie
moai hear, dêr net fan, mar wat se der neist dien hie … Oaren plakten by harren ferske moaie fûgeltsje- as blomkeplaatsjes mei glinsters, dat fûn ik eins folle moaier
as har sels útknipte Bambi. No ja, it wie net oars.
Letter, doe’t
ik yn de gaten krige hoe’n tiid se der yn stutsen hie, hoe keunstich oft it eins wie, waard
it in oar ferhaal fansels. Ik fûn en fyn it prachtich.
Hjir moast ik no,
50 jier letter, oan tinke nei’t ik dizze, yn de rin wei makke foto delhelle hie
en de buorren as 'útknipt' foar my ferskynde. It blêd oan de beam, de mêst fan in
syljacht, sels de fisker syn angel stie skerp ôftekene yn de
feart.
As wie it knipkeunst … juffer Meijer har Japanske knipkeunst.
As wie it knipkeunst … juffer Meijer har Japanske knipkeunst.